It Hearrenfean wint SKS silerij by Terherne

22 jul 2015 - 15:57
  • De Gerben van Manen fan It Hearrenfean

It skûtsje fan It Hearrenfean mei skipper Alco Reijenga hat woansdeitemiddei it silen by Terherne wûn. Op de Snitsermar naam De Gerben van Manen fan begjin ôf oan de lieding. De foarsprong foar it skûtsje fan It Hearrenfean rûn stadichoan op oant in romme minút.

Yn de slotfaze waard it dochs noch wer spannend doe't Earnewâld mei Gerhard Pietersma de efterfolging ynsette. De winner fan tiisdei kaam lykwols krekt te koart en einige as twadde. It tredde plak wie foar Langwar mei Johannes Meeter.

Sjoch foar in wiidweidich ferslach en in analyze fan de wedstriid nei it Skûtsjesjoernaal, alle dagen nei Hjoed. De folsleine útslach en it klassemint is te finen op simmerynfryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)