It Hearrenfean wer op kop SKS

24 jul 2008 - 16:41

Mei 0.2 punten ferskil stiet de Gerben van Manen fan It Hearrenfean wer op kop yn it klassemint fan de SKS. Pieter Brouwer helle yn de twadde wedstriid op 'e Lemmer de 4e oerwinning en liet dêrmei De Jouwer en Snits achter him. Snits stiet mei 21.8 punten no wer op in twadde plak yn it klassemint.

Mei noch ien wedstriid te farren, op freed by Snits, sil de SKS dit jier in bysûnder spannende finale krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)