It Hearrenfean nei it feest

18 maaie 2009 - 12:39
  • Snein wie it noch grut feest op It Hearrenfean

Skjinmakploegen binne op It Hearrenfean drok dwaande de troep op te romjen dy't lizzen bleaun is nei it feest fan sneintenacht. Goed 15.000 minsken fierden dêr de bekerwinst fan SC Hearrenfean. Nei in spannende finale waard FC Twente nei it nimmen fan strafskoppen ferslein.

It spul hoecht net allegear opromme te wurden. It measte wurdt wer brûkt by it opbouwen fan it poadium foar sjonger Guus Meeuwis. Hy treedt op 5 en 6 juny op yn it stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)