It Hearrenfean krijt mooglik AZC foar 600 minsken

23 sep 2015 - 07:11

De kâns is grut dat der op It Hearrenfean in asylsikerssintrum foar de opfang fan 600 minsken komt. De gemeenteried is tiisdeitejûn akkoart gien mei de fêstiging fan sa'n AZC. De ried hie de gearkomste sels organisearre, op oantrún fan de ChristenUnie.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan sil moandei mei it it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers prate oer it oanbod fan de gemeente. Wêr't it AZC komt, is noch net dúdlik. Neffens Van der Zwan sil it op syn minst in jier duorje foar't it AZC der is.

Tagelyk wurdt socht nei lytsskalige opfang fan flechtlingen, bygelyks yn kantoaren dy't leech steane. It Hearrenfean hat earder in asylsikerssintrum foar 600 minsken hân. Dat gie yn 2003 ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)