It Hearrenfean krijt klimsintrum

18 apr 2005 - 05:49

It Hearrenfean krijt in grut profesjoneel klimsintrum. It giet om in gearwurking tusken it klimbûn, it CIOS en in partikulier ûndernimmer. Yn it nije klimsintrum wurde studinten fan it CIOS oplaat foar it begelieden fan bûtensporters.

Omdat Nederlanners hieltyd faker mei fakânsje gean nei de Alpelannen, is der in soad ferlet fan profesjonele berchbeklimmers. It nije klimsintrum komt by it Abe Lenstrastadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)