It Hearrenfean bout minder

02 jul 2009 - 16:20

It Hearrenfean moat de bou fan nije wenningen flink bystelle. De kommende 8 oant 9 jier wurde 40 prosint minder huzen boud as de bedoeling wie. Dit komt del op in weromgong fan 2600 nei 1600. Opfallend is dat de sosjale wentebou de kommende jierren wol in lytse groei trochmeitsje sil.

Dit die bliken by de ûndertekening fan in konvenant tusken de gemeente Hearrenfean, WoonFriesland en Accolade Wonen. De ferskowing fan de merk biedt kânsen foar wenningboukorporaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)