It giet goed mei de rjochtbank

05 apr 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert is goed op wei. Der binne gjin fakatueres en de besunigingsronde dy't it ministearje fan Justysje foarige hjerst oankundige, is oan Ljouwert foarby gong.

Rjochtbankpresidint Hangelbroek toande him freed tige optimisysk by de ynstallaasje fan twa nije rjochters. Allinnich by de saneamde hannels- fonnissen bestiet noch in efterstân fan sa'n 100 saken. Dy efterstân sil binnen in jier fuortwurke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)