It Fryske Gea bout bunker foar sweltsjes en flearmûzen

16 feb 2016 - 12:27
  • Bunker foar sweltsjes en flearmûzen yn natuergebiet Easterskar

Sweltsjes en flearmûzen hawwe it hieltyd dreger om plakken te finen om te oerwinterjen en te brieden. De moderne huzebou lit hieltyd minder plak foar de bisten. Dêrom is It Fryske Gea úteinset mei de bou fan in spesjale kombinaasjebunker. De bunker, dy't yn it natuergebiet Easterskar by Rotstergaast stiet, moat ûnderdak jaan oan inkelde tsientallen sweltsjes en flearmûzen. Foarhinne hiene de sweltsjes harren nêsten yn in sândepot yn de buert, mar troch waar en wyn is dy ferdwûn.

Mei de bou fan dizze bunker kinne de fûgels langer op itselde plak briede. De kombinaasje mei in flearmûzeplak is neffens It Fryske Gea ideaal, om't de bisten in selde soart ûnderdak nedich hawwe en goed njonken inoar libje kinne. De bunker moat ein dizze wike klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)