It fjoer rint troch provinsje

05 maaie 2014 - 06:18

In groep hurdrinners fan atletykferiening Lionitas en Loopgroep Leeuwarden is moandei 5 maaie ûnderweis mei it befrijingsfjoer. Sneintejûn binne de Ljouwerter atleten begongen oan de loop fan Wageningen nei Ljouwert oer in ôfstân fan 180 kilometer. Se dogge dat yn estafettefoarm.

De estafette wurdt organisearre omdat op dizze dei yn 1945 yn Wageningen de kapitulaasje troch de Dútske besetters ûndertekene waard. Moandeitemiddei om ien oere wurdt it fjoer oerlange oan boargemaster Crone fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)