It Fean wint online-kompetysje

19 maaie 2011 - 16:38

SC Hearrenfean komt lanlik as bêste út de bus wat de sosjale media oanbelanget. In lanlik buro hat berjochten oer alle klups op bygelyks Facebook en Twitter byhâlden. Hearrenfean wie dêrby de bêste. Opfallend is dat de supporters faker positive berjochten pleatse, ek al die de klup it net altyd like goed. Se litte harren ek minder faak negatyf út oer oare fuotbalploegen.

Yn de online-kompetysje einigen Twente en Ajax op it twadde en tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)