It Fean - Roda JC: 2-1

21 des 2003 - 00:00

SC Heerenveen wûn sneontejûn de lêste kompetysjewedstryd fan it seizoen tsjin Roda JC mei 2-1. Samaras kopte út in hoekskop de 1-0. Dat barde flak nei in grutte kâns foar Roda.

Yn de twadde helte skoarde Selakovic de 2-0. It slagge de Feansters om Roda dêrnei ûnder druk te hâlden. Dochs kaam der in tsjindoelpunt fan Christiano. Yn de blessueretiid soe dy it noch ris besykje, mar de gelykmakker siet der net yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)