It Fean: PvdA, CDA, D66 winne

13 nov 2013 - 22:39
  • Posters tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings

De PvdA, CDA en D66 binne de grutte winners fan de gemeenteriedsferkiezings op It Hearrenfean. Nei it tellen fan de 28 stimburo's bliuwt de PvdA fierwei de grutste partij mei 8 sitten yn de nije ried. De VVD giet wat achterút yn stimmen, mar hâldt 4 sitten. CDA en Gemeentebelangen krije beide ek 4 sitten.

D66 wint en komt út op 3 sitten, lykas de FNP. De ChristenUnie komt út op twa sitten en GrienLinks op 1 sit. Lokaal 10 bleau stykjen op 1,3 %, te min om de kiesdieler te heljen.

De opkomst yn de gemeente Hearrenfean wie 46 %. Dat is in stik leger as by de gemeenteriedsferkiezings fan 2010. De opkomst wie doe 54,7 %.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)