It Fean leit jeugdspiler fêst

06 nov 2012 - 16:57
  • SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hat tiisdei jeugdynternational Daley Sinkgraven fêstlein. De 17-jierrige linkermiddenfjilder hat de hiele jeugdoplieing fan Hearrenfean trochrûn. Hy tekene in kontrakt foar trije jier. Sinkgraven spilet dit seizoen yn de A1 fan Hearrenfean en komt ek út foar Oranje ûnder de 18. Dizze wike naam KNVB-coach Remy Reijnierse it talint op yn de definitive seleksje fan Oranje -18 foar de kommende oefenynterlân tsjin Turkije -18.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)