It Fean hofleveransier fan EK

07 jul 2014 - 14:38
  • De froulju fan it nasjonaal alvetal fan 2013

It frouljusteam fan SC Hearrenfean is mei fiif spylsters hofleveransier fan de EK-seleksje foar froulju ûnder de 19 jier. De Europeeske kampioenskippen wurde fan 15 oant en mei 27 july spile yn Noarwegen.

KNVB-coach André Koolhof hat syn seleksje moandei bekend makke. Lucie Akkerman, Sisca Folkertsma, Danielle Kuikstra, Vivianne Miedema en Nienke Olthof sitte by dy seleksje. Op de reservelist stean noch twa spylsters fan de klup, nammentlik Tiny Hoekstra en Devi Venema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)