It Fean hâldt jongereinsintrum

20 des 2012 - 19:26

It Hearenfean hâldt de kommende fjouwer jier in jongereinsintrum. De ried moat der ein jannewaris noch in beslút oer nimme, mar wethâlder Hartsuiker tinkt dat it gjin probleem wêze sil. It kolleezje naam it beslút nei in pilotperioade fan twa jier, dy't posityf útfallen is.

It kolleezje fan B&W wol jierliks 27.000 euro útlûke foar de hier en de eksploitaasje fan it gebou dêr't it sintrum yn komme moat. Der is de ôfrûne twa jier gebrûk makke fan diskoteek Gossip, mar dat gebou is net mear geskikt.

Yn elk gefal is dúdlik wurden dat der ferlet is fan in jongereinsintrum op It Hearrenfean. De oerlêst yn it doarp is minder wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)