It Fean: frou rydt tsjin beam

10 aug 2013 - 14:54

In ynwenster (27) fan It Hearrenfean is sneontemoarn yn har wenplak op de Alde Feanskieding mei har auto tsjin in beam botst. Plysjeminsken troffen de auto oan, mar der wiene gjin minsken by. Fierderop rûnen twa froulju, mar dy fertelden de plysje dat se neat mei it ûngelok te krijen hiene. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de auto op namme stie fan ien fan de froulju.

De Feanster joech oanslutend ta dat se riden hie. Mar se wie net yn it besit fan in rydbewiis en hie ek tefolle dronken. Der is proses-ferbaal makke tsjin de frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)