It Fean ferliest fan Bremen

15 nov 2003 - 00:00

SC Heerenveen oefene freedtejûn yn it eigen Abe Lenstra-stadion tsjin Werder Bremen. De nûmer trije fan de Bundesliga wûn mei 2-1. Al yn de twadde minút fan de wedstryd makke de Braziliaan Ailton 0-1. Tsien minuten letter foel de 2-0.

De Feansters kamen yn de wedstriid werom troch krekt foar rêst te skoaren. It doelpunt waard makke troch Selakovic. Yn de twadde helte gie it lyk op, mar waard der net mear skoard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)