'It falt wol ta mei it Frysk'

24 nov 2010 - 23:42

It giet better mei it fak Frysk op Fryske basisskoallen as yn de parse suggerearre wurdt. Dat seit Jelle Bangma fan it Taalsintrum Frysk fan Cedin. Fan de 470 skoallen prestearje sa'n 150 ûnder de maat. It goeie nijs is dat 50 prosint fan 'e skoallen in Frysk taalbeliedsplan hat en dat wie in pear jier lyn noch mar 12 prosint.

Ek is der in goeie metoade en nimt it tal trijetalige skoallen ta. De ynspeksje hie lykwols in better resultaat ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)