It Eibertshiem wiis mei populaasje earrebarren yn Fryslân

08 maaie 2015 - 13:15
  • Earrebarre
  • Jonge earrebarren op it nêst yn Beetstersweach

Yn hiel Nederlân binne wer mear earrebarren te finen. Dat is mei te tankjen oan stichting It Eibertshiem yn Earnewâld. Dy set him yn om de earrebarrepopulaasje yn stân te hâlden. Presys 35 jier lyn begûn it earrebarrestasjon mei syn wurk.

Yn de jierren fan it ûntstean wie de situaasje foar earrebarren hiel oars. Sa brette yn 1972 foar it lêst in spantsje yn ús provinsje. Wienen der oan it begjin fan de 19e ieu sa'n 63 spantsjes yn Fryslân. Op it heden binne dat mear as hûndert spantsjes. Neffens It Eibertshiem is dat boppe ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)