It dúnherstel op It Amelân is folle earder klear

23 nov 2015 - 10:17
  • It wurk oan de dunen op It Amelân is earder klear as tocht
  • It dúherstel is twa moanne earder klear as pland

It dúnherstel op It Oerd op It Amelân is folle earder klear as pland. It moat foar 1 febrewaris 2016 klear wêze, mar de ferwaching is dat dat nije wike al it gefal is. De oannimmer wurket ekstra hurd troch om't se in soad lêst ha fan heech grûnwetter.

De dunen op It Oerd wurde ôfplagge om de oarspronklike floara werom te krijen. Boppedat krije wyn en see mear ynfloed op de dunen, sadat gers de dunen net mear oergroeie kin. It giet om in gebiet fan alve bunder. Om't it grûnwetter sa heech stiet, hat de oannimmer ekstra materieel ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)