It CDA kiest foar fernijing

10 okt 2006 - 17:15

It CDA kies foar fernijing by de steateferkiezings fan takom jier. Op de list binne 16 fan 'e 25 kandidaten nij. De list wurdt oanfierd troch Sjoerd Galema fan Hartwert. Tineke Schokker fan Eastermar is de nûmer twa. Fraksjefoarsitter Ad van der Ham stiet op it tredde plak.

De nije steatefraksje sil nei de ferkiezings sels útmeitsje wa't kandidaat-deputearren binne en wa't fraksjefoarsitter wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)