It Bilt: wol of net fusearje

26 jun 2013 - 21:51
  • It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne

In mearderheid fan de gemeenteried fan it Bilt stiet noch altyd achter in fúzje fan de gemeente mei Menameradiel en Frjentsjerteradiel. Dat die woansdeitejûn bliken op de lêste fan in searje ynformaasjejûnen yn de gemeente. Op de byienkomsten ha de Biltkers oanjûn dat se in fúzje net stypje. Ek is der in soad ûnbegryp foar it ûntbrekken fan in referindum. Ferskate politike partijen sizze achterôf dat se better earst mei de boargers prate kinnen hienen foardat se mei in stânpunt kamen. Yn oktober wurdt definityf in beslút naam oer in fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)