It Bilt wol jild foar kursussen

20 feb 2004 - 00:00

De gemeente It Bilt wol mear jild fan it ministearje fan Justysje om de ynboargeringskursussen foar nijkommers te bekostigjen. De gemeente hat as plicht om dy kursussen oan te bieden oan flechtlingen en ek oan bûtenlânske partners fan ynwenners.

It Bilt krige dêrfoar altiten jild fan it ministearje. Op jierbasis krige It Bilt, tegearre mei Menameradiel, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel, sa'n 160.000 euro. Dat bedrach is no ferlege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)