It Bilt wol gau boargemaster

10 jan 2003 - 00:00

De gemeente It Bilt fynt dat de beneamingproseduere foar in nije boargemaster te lang duorret. De gemeenteried sei op 4 desimber unanym dat Auke van der Werff de nije earste boarger wurde moat. De gemeente hie dêrom tocht dat de definitive beneaming no wol klear wêze soe.

De minister kin Van der Werff lykwols pas op 29 jannewaris ûntfange. Dêrnei moat de beneaming noch troch de Keninginne bekrêftige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)