It Bilt wol ferbetterje

10 des 2007 - 15:35

It wurdt foar minsken yn in rolstoel makliker om yn it gemeentehûs fan it_Bilt te kommen. Dit is ien fan de punten dy't de gemeente ferbetterje wol. Ek wol de gemeente brieven rapper beantwurdzje. In briefskriuwer krijt no binnen twa wike in reaksje.

It_Bilt hat begjin dit jier in tefredenheidsûndersyk dien. Derút blykt dat der in tal saken better kinne. De gemeente wol op 30 punten ferbetterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)