It Bilt tsjin grutte wynmoles

14 feb 2011 - 10:53

Yn in riedsbrede moasje wiist It Bilt de komst fan grutte wynmûnen ôf. Alle fraksjes yn de ried tsjinje de moasje tongersdei by de riedsgearkomste yn. Neffens harren wurdt it lânskip fan It Bilt oantaast troch de wynmûnen.

Se fersmoargje it lânskip en taaste de ekonomyske pylders wenje, rekreaasje en toerisme oan, sa sizze de partijen. B. en w. moatte it stânpunt oan de provinsje oerbringe. Provinsjale steaten prate no woansdei oer de wynmoles en nimme dan ek in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)