It Bilt: soarch oer ambulânses

14 mrt 2008 - 12:52
  • De ambulânsepost yn Sint Anne foldie de meiwurkers net

It Bilt makket him soargen oer it sluten fan de ambulansepost yn Sint Anne. Ambulanseferfierder Kijlstra siet sûnt 2005 yn 'e brânwachtgaraazje yn Sint Anne. Koartlyn hawwe se dat plak ferlitten, omdat se net tefreden binne oer dy lokaasje.

De ambulanses moatte no út Ljouwert komme. Omdat lang net alle plakken op it Bilt binnen de wetlike 15 minuten berikt wurde kinne, wol de gemeente dat de ambulansepost wer iepen giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)