It Bilt past miljeukontrôles oan

05 jun 2004 - 00:00

Bedriuwen yn de gemeente It Bilt dy't har net oan de miljeuregels hâlde, wurde tenei faker kontrolearre. No krije bedriuwen ien kear yn de 5 jier in amtner fan de gemeente op besite.

It Bilt wol yn de takomst bedriuwen dy't oan alle easken foldogge minder faak kontrolearje. De tiid dy't dêrtroch frijkomt wurdt yn bedriuwen stutsen dy't har net oan de regels hâlde. It Bilt wol sa foldwaan kinne oan de nije lanlike miljeuregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)