"It Bilt moat har skamje foar gebrûk Nederlânske taal"

19 feb 2016 - 14:35
  • Biltsk wurdboek

Stipe foar de Biltske taal moat fan ûnderop komme en net fanút Europa. Dat seit riedslid en prominint Bilkert Leendert Ferwerda. De gemeente wol graach dat it Biltsk yn Europa offisjeel as minderheidstaal erkend wurdt.

Boargemaster Gerrit Krol biedt freed de oanfraach dêrfoar oan oan Twadde Keamerlid Lutz Jacobi. De útnûging dy't de riedsleden dêrfoar krigen, hie de gemeente yn it Nederlânsk skreaun. Net yn it Biltsk. En dat is in skande, seit Ferwerda. "Se motte hur skame. It mot bij de helsdeuren weg komme. Se voele 't niet."

Trije talen

It Bilt is in trijetalige gemeente. Njonken it Nederlânsk en Frysk, wurdt der ek Biltsk praat, skreaun en sûnt 36 jier ûnderwiisd yn it basisûnderwiis. De gemeente soarget foar de beskerming en stipe fan it Biltsk. Dat sil feroarje, om't de gemeente fan 2018 ôf opgiet yn de nije gemeente Waadhoeke. Binnen de nije gemeente sille de Biltkers in lytse minderheid wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)