It Bilt moat besunigje

21 okt 2010 - 20:14
  • Yn 2015 is der in tekoart fan 1,6 miljoen euro

Gemeente It Bilt ferwachtet in tekoart fan 1,6 miljoen euro op de begrutting fan 2015. De kommende jierren komt der minder jild binnen fan it ryk. Foar takom jier is der noch in lyts oerskot op de begrutting, mar dêrnei moat der flink besparre wurde.

Om dit sa goed mooglik te dwaan wol de gemeente yn petear mei boargers en ynstellings. Meielkoar moat dan sjoen wurde wêr't op besunige wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)