It Bilt komt op foar supermerk

02 okt 2009 - 12:59
  • De supermerk yn Sint Jabik hat it dreech
  • Boargemaster Van der Werff oan it boadskipjen

Boargemaster Van der Werff fan It Bilt ropt ynwenners fan Sint Jabik op om wat faker boadskippen te dwaan by de supermerk yn it doarp. De winkel kin de holle mar krekt boppe wetter hâlde. As der net gau wat bart, moat de eigner de saak slute.

Boargemaster Van der Werff hat hûs-oan-hûs in brief besoargje litten nei syn oprop. De gemeente stipet de winkeleigners ek by it betinken fan oplossings om de supermerk iepenhâlde te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)