'It Bilt kin net selsstannich'

06 jun 2013 - 16:51
  • Gemeente It Bildt

De gemeente It Bilt is te lyts om selsstannich te bliuwen. Dat seit Sido de Jong, fraksjefoarsitter fan Wurkgroep Het Bildt. 'Mei alle útdagings en taken dy't op gemeenten ôfkomme is de kwaliteit fan it amtlik apparaat net genôch te garandearjen en dat makket
selsstannigens net realistysk.'

WHB foarmet tegearre mei it CDA it kolleezje yn It Bilt. De Jong reagearret op in ûndersyk fan de Bildtse Post. Dêrút docht bliken dat mear as 70% fan de ynwenners fan It Bilt selsstannich bliuwe wol.

De gemeenteried stjoert oan op in fúzje mei de gemeenten Menameradiel, Frjentsjerteradiel en Harns. Fan moandei ôf wurde der yn It Bilt acht ynsprekjûnen organisearre foar de befolking oer de oansteande weryndieling. Yn oktober falt it definitive beslút oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)