It Bilt kiest foar doarperonde

01 mrt 2013 - 10:35
  • Gemeente It Bildt

De ynwenners fan gemeente It Bilt meie de kommende moannen meiprate oer de fúzjeplannen fan har gemeente. It Bilt wol graach meidwaan oan in fúzje yn Noardwest-ferbân, mei ûnder oare Menameradiel en Frjentsjerteradiel. De gemeente is fan doel om yn sân doarpen petearen te organisearjen. De gemeenteried kiest foar de doarperonde om't de riedsleden graach persoanlik yn kontakt komme wolle mei de ynwenners. Der sil benammen praat wurde oer hoe't it fúzjeproses krekt oanpakt wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)