It Bilt bringt paden yn kaart

07 feb 2007 - 17:03

It Bilt wol twatûzen euro útlûke om âlde bosk- en kuierpaden yn kaart te bringen. De gemeente wol sa meidwaan oan it provinsjale projekt om in kaart te meitsjen fan it oarspronklike wegestelsel.

Op de kultuerhistoaryske kaart fan de provinsje steane de offisjele paden oanjûn. De bedoeling is om ek de net offisjele paden boppe wetter te krijen. De ried fan It Bilt moat noch tastimming jaan foar it jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)