It Bilt beleit duorsum

29 jan 2010 - 13:20
  • Boargemaster Van der Werf tekenet de oerienkomst

De gemeente It Bilt is sûnt freed de earste Nederlânske gemeente dy't in part fan de finansjele reserves brûkt om duorsum te belizzen. De gemeente set 250.000 euro oan 'e kant by de BNG, de Bank Nederlandse gemeenten en 30.000 euro fan dat jild wurdt brûkt troch Oikocredit.

Oikocredit jout al 34 jier lang mikrokrediten - dat binne lytse lienings - oan ûndernimmers yn earme lannen. It oare diel fan de 250.000 euro wurdt ek belein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)