It Bilt akkoart mei needopfang

18 jan 2004 - 00:00

De gemeente It Bilt sil nei alle gedachten meiwurkje oan it ynstellen fan needopfang fan útprosedearre asylsikers. It giet om minsken dy't wol werom wolle nei har eigen lân mar dat net yn fjouwer wike regelje kinne, sa't de nije wet dat freget.

It Bilt fynt it net ferantwurde om dy minsken op de dyk te setten. B en W stelle foar om 30.000 euro út te lûken foar needopfang. Foar de praktyske útfiering soarget Vluchtelingenwerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)