It Amelân is yn de race foar titel 'Kuiergemeente 2016'

29 feb 2016 - 20:47
  • Nije strânoergong

It Amelân is nominearre as kuiergemeente fan it jier 2016, mei de gemeenten Castricum en Valkenswaard. De ferkiezing is organisearre troch de kuierkrante 'Te Voet'. Ferslachjouwers fan dy krante hawwe op it eilân te kuierjen west en dêrby hawwe se har oardiel jûn oer ûnder oare de ôfwikseling yn it lânskip, hoareka, en rêstpunten ûnderweis.

Oare jierren binne de Fryske gemeenten Skylge en Eaststellingwerf alris nominearre, mar dy binne it doe net wurden. Neffens Cinto Prosperi fan de VVV op it Amelân makket It Amelân in goede kâns.

De titel soe in moaie ynstruier wêze foar it eilân en it kin ek ekstra kuiertoeristen opsmite. VVV-direkteur Prosperi is tige posityf oer it kuierjen op it eilân. It is ôfwikseljend. It iene momint rint men op it strân, dan wer yn de dunen en dan wer troch in doarpke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)