It Amelân wol wer ynspraak oer feartsjinsten nei it eilân

27 okt 2015 - 17:19

De gemeente It Amelân wol wer ynspraak hawwe oer de feartsjinsten nei it eilân. Boargemaster De Hoop fynt dat it eilân it rjocht hat om dêr ek oer mei te praten. Sûnt de start fan de nije fergunningtakenning yn 2012 mei it eilân net mear by it oerlis wêze fan feartsjinst Wagenborg en it ryk.

In riedslid fan de PvdA hat no in moasje yntsjinne dy't stipe wurdt troch de hiele riedsfraksje. Dêr stiet yn dat der wer goede kommunikaasje komme moat tusken de rederij, it ryk en de Fryske eilângemeenten. Sa wie it eartiids.

Boargemaster De Hoop stiet folslein achter de moasje. Hy wol him ynsette foar de belutsenheid fan It Amelân by it oerlis fan de feartsjinsten. Neffens him hat it no lang genôch duorre. De Fryske eilannen hawwe no allinnich noch mar ynbring fia klantepanels.

Neffens De Hoop moat yn Den Haach ek omtinken wêze foar it ûnderwerp. Sa soe troch bygelyks in moasje de eilannen wer meiprate kinne moatte oer ''harren'' feartsjinsten. Rederij Doeksen en rederij Wagenborg hawwe yn 2012 foar fyftjin jier tastimming krige om de fearferbining nei de Waadeilannen te fersoargjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)