It Amelân wol fotozjenike grutte Keunstmoanne-hazze hâlde

07 des 2015 - 16:18
  • De hazze fan It Amelân

Op It Amelân is in aksje oan de gong om in meters hege hazze te hâlden dy't by de fjoertoer stiet. It byld is der delset fanwegen de Keunstmoanne, ôfrûne novimber. In hiel soad besikers fûnen it moai om mei de hazze op de foto te gean. De VVV brûkt him yntusken al op in folder. Om it byld te hâlden is 25.000 euro nedich. Dan is it ûnderhâld de kommende fjouwer jier dutsen.

Der is no in hantekeningaksje oan de gong om út te finen hoe grut oft it draachflak is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)