It Amelân wol eigen feartsjinst

08 sep 2015 - 17:54

In eigen feartsjinst foar It Amelân soe in protte bewenners fan it eilân wol oanstean. Dat seit riedslid Rudolf Teuben fan de partij Ameland '82. De partij tsjinne in inisjatyffoarstel yn foar in ûndersyk nei in eigen feartsjinst. Dizze tsjinst soe fergelykber wêze moatte mei de Teso fan Teksel.

Teuben seit in protte reaksjes krigen te hawwen nei oanlieding fan it foarstel. It plan is lykwols noch takomstmuzyk, om't de hjoeddeistige konsesje fan Wagenborg pas yn 2029 ôfrint.

Yn de folgjende riedsgearkomste op 21 septimber sil de ried in beslút nimme oer it foarstelde ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)