It Amelân stipet asylsikers

28 jan 2003 - 00:00

De gemeente It Amelân ûndersiket hoefolle it kostet om de 58 asylsikers oant de simmerfakânsje op it eilân te hâlden. Dat hat de gemeenteried moandei besletten. De asylsikers moatte freed fan it eilân ôf om't it COA alle tydlike opfangplakken slút fanwege de kosten. De gemeente wol no ûndersykje oft dat werklik sa is.

De asylsikers hiene in koart pleit oanspand tsjin de oerpleatsing, mar ferlearen dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)