It Amelân siket boerelân foar de blauwe hoanskrobber

10 feb 2016 - 14:58

In projektgroep fan ûnder oaren de fûgelbeskerming is op It Amelân úteinsetten mei it sykjen fan boeren en lâneigeners dy't har lân fjouwer jier lang beskikber stelle wolle om it leefgebiet fan de de blauwe hoanskrobber te ferbetterjen.

Fan dizze rôffûgel wiene der yn de jierren '90 noch mear as tweintich nêsten op it eilân, mar tsjintwurdich hielendal net mear. Mei 'Wadvogels van Allure' moat dêr wat oan dien wurde. Om de blauwe hoanskrobber syn gerak te jaan, moat it lân yn stroken ynsiedde wurde mei ûnder oaren luzerne of klaver.

Dêr kinne de fûgels it bêste mûzen fange. As boeren meidogge, kinne sy in fergoeding krije fan 500 euro de bunder. Ek op oare waadeilannen wurdt meidien oan it projekt. Op Teksel is al lân geskikt makke foar de blauwe hoarnskrobber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)