It Amelân kontrolearret hotels

24 des 2003 - 00:00

It Amelân wol takom jier alle 97 hotels en oare bedriuwen op it eilân dy't sliepplakken oanbiede fersneld in gebrûksfergunning jaan. Mei dy fergunning foldogge de bedriuwen oan de brânfeiligenseasken.

Bedriuwen dy't har der net oan hâlde, moatte sa gau mooglik maatregels nimme. Bart dat net goed, dan is de uterste konsekwinsje dat de gelegenheden sletten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)