It Amelân hat skjinste strân

21 aug 2014 - 20:22

It Amelân hat fan de Waadeilannen op 'e nij it skjinste strân. De skoare fan 9.75 levere it eilân fjouwer stjerren op. Wethâlder Will Bakema krige in plakette útrikt. Tongersdei binne foar de 11e kear de skjinste strannen útkeazen. De ferkiezing is in inisjatyf fan de ANWB en der diene 6000 minsken oan mei.

It strân fan Noard-Bevelân yn Seelân waard keazen ta skjinste strân fan Nederlân. Yn de lanlike top 10 komt net ien Frysk strân foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)