It Amelân hat it skjinste strân fan Fryslân

21 aug 2015 - 12:10

It Amelân hat it skjinste strân fan Fryslân. Yn de ferkiezing fan skjinste strannen, scoart It Amelân dit jier in 9,8. Dêrmei krijt it fjouwer stjerren. Yn Zandvoort wie tongersdei de bekendmakking fan de top tsien fan skjinste strannen fan Nederlân. It Amelân helle it krekt net mei in fjirtjinde plak.

It strân fan Domburg waard útroppen ta skjinste strân fan Nederlân. Gemiddeld krije de strannen yn Nederlân in 9-en-in-heal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)