It Amelân: Gjin strânhúskes en net noch in strânpaviljoen

05 apr 2016 - 15:14
  • It Amelân

Der is fjouwer jier oan wurke, mar der liket yn de gemeenteried fan It Amelân in mearderheid te wêzen foar de strânnota fan de gemeente. Yn de nota stiet dat it strân it kapitaal fan it eilân is en dat der dêrom net noch in strântinte by komme mei, neist de fjouwer strânpaviljoens dy't der no binne. Dêrneist wurde strânhúskes ek ferbean.

De riedsfraksjes binne it oer it generaal iens, al binne der ek fraksjes dy't graach wat mear romte hawwe wolle foar nije ûntwikkelingen. De ried nimt op 25 april in definityf beslút oer it plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)