It Amelân besjocht plannen Boomhiemke nochris goed

22 feb 2015 - 17:09
  • Eigeners fan villa's meie dy net sels ferhiere

De gemeente It Amelân besjocht de sitewaasje op camping Boomhiemke op it eilân nochris goed. Eigener Roompot Vakanties wol op it plak fan de steankaravans nije lodges en sjalets foar de ferhier delsette.

De âlde steankaravans, dy't eigendom binne fan partikulieren, moatte dan fuort. De eigeners fan dy karavans binne dêr poer op tsjin. Soms steane se al mear as 40 jier op camping Boomhiemke en wolle se hielendal net fuort. Se hawwe foar 2015 in kontrakt krigen dat ein dit jier ôfrint.

Sneon wie ha de eigener fan de camping, de gasten en wethâlder Wil Bakema praat om ta in fergelyk te kommen. De wethâlder hat tasein te besjen oft de plannen fan Roompot klopje mei gemeentlike fergunnings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)