ISU praat oer 'iepen EK'

08 jun 2004 - 00:00

It Ynternasjonale Reedridersbûn ISU hâldt dizze dagen yn Skeveningen harren 50ste kongres. Om it jubileum te fieren wiene moandei foarsitter Rogge fan it IOC en kroanprins Willem-Alexander oanwêzich by de iepening.

Op it kongres wurdt ek praat oer foarstellen dy't it langebaanriden feroarje kinne. Ien fan 'e foarstellen is om fan it Europeesk Kampioenskip in iepen EK te meitsjen, sadat Aziaten en Amearikanen ek meidwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)