Isoleare better as sinnepaniel

01 jul 2013 - 13:47
  • It lizzen fan sinnepanielen
  • De presintaasje fan it 'Grientsjerk-ûndersyk' yn Burgum

It besparjen op enerzjy smyt mear op as sinnepanielen. Dat konkludearje studinten fan de Hanzehogeschool yn Grins nei ûndersyk yn de Trynwâlden. Sintrale fraach wie oft it doarp Oentsjerk yn de takomst enerzjyneutraal wurde kin. It projekt mei de namme 'Grientsjerk' is moandei presintearre yn it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel.

Mei it enerzjysunich meitsjen fan wenten kinne in soad minsken wol sa'n 50 % op enerzjyferbrûk besparje, seit ûndersiker Jesmer Dykstra. Neffens him kieze in soad minsken foar sinnepanielen omdat dy 'hip' binne.

Om it doarp Oentsjerk folslein fan eigen stroom te foarsjen soene fjouwer wynmoles nedich wêze fan sa'n 80 meter heech. Dy sille der net gau komme, tinkt wethâlder Houkje Rypstra, omdat dat in grutte oanslach wêze soe op it lânskip. Wol wurdt der yn 'e Trynwâlden in eigen enerzjykoöperaasje opset, dy't ek oansluting sykje sil by de Fryske enerzjykoöperaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)