Isolaasje buizen Camminghaburen

12 des 2003 - 00:00

De stedsferwaarming yn 800 huzen yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen wurdt isolearre. Sa moat foarkaam wurde dat de legionellabaktearje dêr wer aktyf wurde kin. Yn oktober waard de baktearje ûntdutsen yn de liedingen.

De baktearje kin de feteranesykte feroarsaakje. Oarsaak fan de baktearje- útbraak wie dat it liedingwetter opwaarme waard troch de buizen fan de stedsferwaarming. Yn waarm wetter kin de baktearje ta groei komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)